De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 123] [p. 123] [Nummer 4] William Shakespeare: Sonnet 66 Dit alles sêd, woe 'k da 'k yn frede stoar, to sjen: fortsjinste syn bileanning net, en ien fan neat to pronk yn folle floar, en keinste trou mei falske ied forret, en gouden ear, o skand', de smjunt takend, en fammedeugd forhuorke, wreed oerhoer, en ivich t' ûnrjucht 't folste rjucht miskend, en krêft forlamme troch in mank bistjûr, en kunst de mûle stoppe fan 't biwâld, en stommens, dy't de wiisheit stelt de wet, en wierheit, dy't de wrâld foar waenwit hâldt, en boal fan goede finz'ne let en set, dat alles sêd, hie 'k lang al socht de dea, as ik net, wei, allinne liet myn ljea. (oersetting H.Tj. Piebenga) Vorige Volgende