De Tsjerne. Jaargang 2
(1947)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[binnenkant achterplat]
| |
‘Suderkrús’.
It is al jierren lyn dat Brandenburgh to Snits foar de Frisia-rige útjoech ‘Suderkrús’, in samling Yndyske sketsen fan Nyckle Haisma. Lang is dit skoandere boekje al útforkocht. Mar giet it sa net mei it bêste hwat wy krigen ha, mei it wurk fan û.o. Simke Kloosterman en Ulbe van Houten? De útjowers hawwe nou ienkear mei de smaek fan it greate publyk rekken to hâlden. It docht ús dêrom ek tige goed fan Brandenburgh to hearren dat der ynkoarten in twade printinge komt fan ‘Suderkrús’, dizz' kear mei in ynlieding fan Jan Piebenga. It soe ús gjin nij dwaen as ek Nyckle Haisma syn neilitten wurk ier of let (leafst net to let) yn boekfoarm útkaem. Mar dat sil dan ek it lêste wêze, foargoed...
| |
Frysk jierboek 1946.
It Jierboek fan de Fryske Akademy dat foar 1943 ornearre wie, mar doe net forskine koe, is nou lang om let by Van Gorcum to Assen útkaem. Foar de Fryske literatuer is hjiryn fan bilang in essay fan Drs. Fokke Sierksma oer: ‘De poëzy fan D.A. Tamminga’. Op in lêzing foar de Fakânsjeleargong '45 hat Sierksma oer itselde ûnderwerp sprutsen en doe foun syn tige krityske skôging nochal hwat opposysje. Foar- en tsjinstanners sille der lykwols goed oan dwaen, jitris kennis to nimmen fan Sierksma syn cardiel. It artikel, dat 29 siden fan it Jierboek bislacht, bihannelet yngeand D.A. Tamminga syn dichterlike ûntjowing fan ‘Brandaris’ oant ‘Nije Gedichten’. Mar lit elk sels lêze en syn miening foarmje.
| |
‘Veboden Verzen’.
E.M. Querido's Utjowersmij to Amsterdam kundiget foar fan 't maityd de útjefte oan fan in nije bundel fan de dichter J.W.F. Werumeus Buning, ûnder de sprekkende titel: ‘Verboden Verzen’. Men is tige nijsgjirrich hoe 't it lûd fan 'e dichter fan ‘In Memoriam’, ‘Et in Terra’ en ‘Maria Lecina’ (om mar in pear titels to neamen), nei sa'n set fan swijen klinke sil.
| |
‘... Maar via Stols’.
Bij A.A.M. Stols to Den Haech is in wykmennich lyn forskynd it boek ‘In deze grootse tijd’ fan de forstoarne skriuwer E. du Perron. It bifettet de yn 1936 bij oare útjowers útkame (nou hwat foroare) teksten fan ‘Blocnote klein formaat’ en ‘Graffiti’ en boppedat in great tal jit nea bundele artikels út Groot Nederland en oare tydskriften en dan jit in ôfdieling dy't de skriuwer ‘Brieven uit Holland’ neamde. It sil gjin kwea kinne dat it wurk fan Du Perron, dy't tsjintwurdich sa ‘en vogue’ is, wer algemien to krijen is. Wij ha alteast wolris it gefoel dat in bulte Hollânske literaten mear pronkje mei de nammen Du Perron en Ter Braak as dat hja de wêzentlike bitsjutting fan harren wurk forsteane. Ta dit forstean kinne boeken as dit meihelpe. F.D. |
|