dochters sizze. Sy is oanwêzich en hoe! The grand old lady fan de Fryske literatuer draacht har eigen skepping foar en dat docht sy mei ynmoed. Sy fertelt tusken de jirpels en de brij troch dat sy mei ‘ús Teake’ belle hat en dat dy sei dat dit grif it gedicht wie, dêr't de measte oersettings fan de hiele wrâld yn makke wiene. Dat it koe om him wol yn it Guiness book of records komme. Mar memleaf sette har soan fuort mei beide skonken op de Fryske klaai troch te ferklearjen dat der fan de gedichten fan Lewis Caroll wierskynlik noch folle mear bestiene. Sels hie sy dêr noch oan meiwurke troch mei de Fryske oersetting fan ‘Jabberwocky’ te rêden. ‘Ik tocht: lit my ris wat weromdwaan.’
Oer it gedicht dêr't it dizze middei allegear om draait, is sy frij nochteren, sa't it in echte Fries foeget: ‘Fjirtich jier lyn haw ik dat ris opskreaun en no is it ynienen in projekt dat de hiele wrâld oergiet. Allerhanne minsken geane der foar sitten om it oer te setten. Foar in oersetter falt dit gedicht net ta: stevich rym, klankkleur, ritme. Ik ha wolris by mysels tocht: hiene se net in ienfâldiger gedicht nimme kinnen?’
Tineke Steenmeijer fan it flmd seit it wat deftiger as sy Tiny tasprekt: ‘It gedicht is autonoom: it is in gedicht dat der altyd al wie en datsto troch it op te skriuwen, allinne mar hoegdest te befrijen. It is earne út de atmosfear wei opheind.’
Tiny Mulder fynt de opnamen fan de oersettings sa't Omrop Fryslân dy oant no ta útstjoerd hat prachtich, al jout sy ta dat sy ‘it praatsje efterôf’ eins folle nijsgjirriger fûn, dan heardest wat oer de taal dêr't it gedicht yn oersetten wie.
Dêrnei is it wurd oan Hugo Brandt Corstius, dy't spesjaal foar dizze oanbieding efkes frijnaam hie fan syn wurk as heechlearaar Nederlânsk oan de Sorbonne yn Parys. Hoe komme jo no oan sa'n man frege ik my ôf.
bittersoet
is soa't dut liefdeliet proeft
sil dyn oor 't opfange ooit
at 'n stuver fine druppys strooit
fine druppys op dyn blinnen
silstou 't hore at de winen
flaaiend om dy hine strúnne
singt in 'e spinneweppys wyn
bittersoet dut lietsy hyn
't eensem en onrustig hart
klopt dan sachter en dan hyter
bitter soet en soet en bitter
flústert lichter as 'n sucht
de letters fan dyn naam in lucht
proef de regen hoor de wyn
foel wat dut liefdeliet doet
Biltse oersetting: Hein Jaap Hilarides
Teake Oppewal, literatuerbefoarderer by it flmd en nau belutsen by it oersetprojekt, hie kunde oan syn frou, Ina Rilke. Dy frou is yn Mozambyk berne en omdat Teake dêr ek fjouwer jier tahâlden hat, koene sy moai Portugeesk mei inoar prate. Doe't Ina dat hiel entûsjast oan har man Hugo fertelde, kaam fan it ien it oar. Om koart te kriemen: Teake noege Hugo Brandt Corstius út om te sprekken op de feestlike oanbieding fan de bondel De wrâld yn bitterswiet. De man dy't yn syn Opperlandse taal- en letterkunde jierren lyn al sjen litten hat o sa thus te wêzen yn allerhanne taalboarterij-