De wylde boerinne en oar wurk
(1979)–Teatse Eeltsje Holtrop– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 5]
| |
It libben en wurk fan T.E. Holtrop | |
1865Teatse Eeltsje Holtrop is berne yn Drylts op 27 desimber 1865 as soan fan in skipsboumaster. | |
1876De húshâlding ferfart nei Appingedam en letter nei Grins. Yn Grins folget Teatse de normaallessen. | |
1884Op 1 oktober 1884 komt er as ûndermaster werom yn syn berteplak. Neffens Jan Piebenga hat Holtrop al ier niget oan de literatuer (Hollânske, Noarske, Deenske en Ingelske) en hy dreamt der fan ienris in grut skriuwer te wurden. | |
1904Ien fan syn earste literaire produkten is in gedicht op syn bertestêd Drylts, dat er ynstjoert foar de ‘Rijmwedstrijd over Frieslands Goën, Grietenijen, Steden, Dorpen en Gehuchten’, útskreaun troch it ‘Nieuwsblad van Friesland’. | |
1905Grutter wurk, alteast nei de omfang, is it blijspul Boaskje of barne?, dat yn 1905 by Eisma to Ljouwert útjûn wurdt. It is ien fan dy ferdivedaasje-stikken dy't yn de 19de en 20ste ieu by hûnderten skreaun binne en foar it folkstoaniel harren betsjutting hiene, mar harren skeppers dêrom noch net ûnferjitlik makke hawwe. Dat Holtrop ta gâns mear yn steat wie, bewiist syn novelle De wylde boerinne, dy't er pas yn 1915 yn ‘Swanneblummen’ ôfprintsje lit. Dit meast ferneamde stik fan him moat lykwols al yn de earste jierren fan syn skriuwerskip ûntstien wêze, want it ‘Oänteikenboek foär de Oafdieling Snits, fen it Selscip: foär Frysce Teal in Scriftenkinnisse’ fertelt ús dat Holtrop fan Drylts op tongersdei 21 desimber 1905, de jûns om acht oere fan foarsitter dr. R. Wartena it wurd kriget; hy ‘hat foar syn lêzing in stik bititele as “De Wylde Boerinne”.’ De skriuwer jout dan in wiidweidige gearfetting fan dizze foardracht, dy't alhiel oerienkomt | |
[pagina 6]
| |
mei de printe útjefte fan 1915. Wat de reden west hat dat er dit stik, dat er sels grif net sa min achte, pas tsien jier letter publisearre, dêr kin men inkeld nei riede. Wie it faaks bedoeld as foardrachtstik foar himsels? Dêr lient it him folslein foar, lykas yn 1969 noch wer bliken die, doe't it, yn min ofte mear bewurke foarm, foar de RONO as harkspul útstjoerd waard. | |
1906Holtrop syn earste ferhalen binne te finen yn de ‘Nieuwe Sneeker Courant’ fan 1906. Op ûngeregelde tiden fersoarget er yn dy krante oan 1909 ta in eigen rubrykje: ‘Fryske teltsjes fen T.E. Holtrop’. It binne foar in part net-oarspronklike ferhalen. Gauris lêst men: ‘hiel ût 'e fierte it Dûtsk neifolge’, ‘nei Mark Twain’, ‘for in diel nei in Hollânsk stikje yn Eigen Haard’, wylst oare stikjes dúdlik út 'e folksmûle opheind binne. Dat lêste sil bygelyks it gefal wêze mei In petear fen twa gelearde ljue (1906), Hwet de froulju it ljeafste wolle (1908) en Kromme Jelte (1908), dat op 5 July 1924 ûnder de titel It spoek fen de Ald-Skatting yn de ‘Leeuwarder Courant’ ôfprinte wurdt. Geales sliepke (1906) is in ferfolch op it bekende fers fan Dr. Eeltsje Halbertsma, hoewol't Holtrop ûnder it ferhaal skriuwt: ‘Nei in feuilleton yn 't N.v.d.D.’ Lyk siket lyk (1907) is in oersetting en tagelyk útwreiding fan Gysbert Japicx' ‘Muwze-boasch’. It skriuwen fan dizze stikjes sil Holtrop in pear ekstra sinten oplevere hawwe eri it stiet grif net hielendal los fan wat der yn 'e winter fan 1905/1906 yn 'e gemeenteried fan Drylts oan 'e oarder is. Yn de ‘Nieuwe Sneeker Courant’ lêze wy yn it riedsferslach fan 27 desimber 1905, dat it haad en de ûnderwizer (Holtrop) fan de iepenbiere skoalle frege hawwe om in ferheging fan harren salaris. It haad kriget yndied ƒ60,- mear, mar ‘dat van den onderwijzer blijft met een paar waardeerende woorden bepaald op het wettelijk minimum.’ Holtrop lit it der net by sitte, want yn de riedsgearkomste fan 24 jannewaris 1906 | |
[pagina 7]
| |
leit fan him in fersyk om ƒ40,- opslach. Neffens twa fan de riedsleden moat dit al wêze, mei it each op it tal tsjinstjierren (21) fan Holtrop en ‘ten tweede daar adressant steeds naar genoegen zijn plicht heeft vervuld.’ In oar riedslid fynt ƒ800,- foar in ‘hulponderwijzer al een flink salaris’. By eintsjebeslút wurdt oer de oanfraach stimd. Utslach 3-3. In moanne letter bringt ien fan de foarstimmers de saak wer op it aljemint. Sûnder diskusje wurdt op 'e nij stimd, en wer stake de stimmen. As de yntsjinner fan it foarstel dan in ferheging fan ƒ25,- yn pleats fan ƒ40,- bepleitet, komt it sânde riedslid yn de gearkomste en it foarstel wurdt mei fjouwer tsjin trije stimmen fersmiten. | |
1907Yn dy tiid ek ferskynt Holtrops twadde blijspul Beartoms testemint (1907). Op 31 oktober 1907 lêst er yn in gearkomste fan it Frysk Selskip, krite Snits, it ferhaal Lyk siket lyk foar en skilderet er it libben fan Gerben Goasses, ‘in rentenier-boer en Frysk skriuwer, immen dy't in heele bulte wiste en altyd studjerre’. It oantekenboek fan de krite neamt ek noch ‘in moai en treffend stik Swan-Duna, skiednis fen in jonge, dy't alles forkeard die, mar doch ienkear, omdat hy als soldaet forkeard die en net, lyk as de earder deserteerde, by de bregge stean bliuw en ik (lês: in) kûgel yn it herte, dat goed wier kryge, mar net yn 'e holle’, mar dat haw ik nearne net fine kinnen. Ien en oar, en ek in rymstik It forsin fan in âld faem (yn 1916 ynstjoerd foar de kriichskriuwerij fan it Selskip ‘Fryslân’ te Amsterdam, en ôfprinte yn ‘Fryske foardrachten’, fjirde samling, 1916) en In minnebrief mei in neiskrift foelen der neffens it ferslach fan de skriuwer fan de krite, Dr. J.L. Chaillet, tige yn. | |
1909Op 15 jannewaris bepraat de gemeenteried fan Drylts it fersyk fan Holtrop om mei yngong fan 1 maart 1909 ûntslein te wurden út syn funksje fan ûnderwizer. Neffens Holtrop fanwegen ‘gezondheidsredenen’, | |
[pagina 8]
| |
grif in eufemisme foar drankslijens. ‘Stadichoan forsutere er, forlear al syn eptigens, waerd in dweil en slânsfet, dêr't men alle rariteiten fen forwachtsje koe. Him waerd oanret, ûntslach to nimmen as ûnderwizer, oars krige er it,’ skriuwt Jan Piebenga yn syn ynlieding ta ‘Ynbannich forwar’ (1945). Sa wurdt ek dúdlik, wêrom't ‘B. en W. voorstellen adressant eervol ontslag te verleenen, doch met ingang van 1 februari a.s.’ Syn pensjoentsje sil net grut genôch west hawwe om troch de tiid te kommen: hy moat dêrom wat byfertsjinje en wurdt sadwaande meiwurker oan ‘Sljucht en Rjucht’. De saneamde Lytse stikjes fen Gerben Goasses fynt men ferspraat yn de jiergongen 1909-1924 fan dit wykblêd. It binne rymkes, sprekwurden, teltsjes en foardrachten, mei gauris in kwinkslach, mar meast moralistysk fan ynhâld. It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum te Ljouwert bewarret yn syn samling in skoalskrift dêr't Holtrop ‘Hûndert ulefel-rymkes, hûndert koartswilige stikjes en hûndert wiere wurden, om ris oer nei to tinken’ ynskreaun hat, mei de bedoeling om dy yn ien bondel út te jaan. Yn it ‘foarwird’ ta dizze samling skriuwt Holtrop: ‘De skriuwer fen dizze “lytse stikjes” sil de lêste wêze, om dêroan hege letterkindige wearde ta to kennen, al hat hy him der op talein, de tael ek yn it lytse stikje goed Frysk to hâlden. Hy hopet allinnich de Friezen, dy't alle sin for humor noch net forlern hawwe, mei dizze samling in pear noflike ûrtsjes to bisoargen troch dêryn to lêzen, dêrút foar to lêzen ef dêroer nei to tinken. Hwent teksten foar in preek sitte der ek mank.’ Ta in útjefte is it net kommen; Jan Piebenga hat yn ‘Ynbannich forwar’ (1945) der in blomlêzing fan jûn. Op 25 oktober 1909 wurdt Holtrop keazen ta foarsitter fan de krite Snits, yn hokker funksje hy dr. R. Wartena opfolget. Yn de earste gearkomste dy't ûnder syn lieding stiet (12 desimber 1909), stelt er út | |
[pagina 9]
| |
om in goede selskipsboekerij op te rjuchtsjen, in toanielferiening yn it libben te roppen, mar benammen om mei in eigen sjongkoar te begjinnen. Dizze wurden foelen neffens de selskipsskriuwer yn goede ierde, ‘hwent noch yn it foarjier fen 1910 ward hjir oprjuchte it Sjongkoar “de Marsang” mei in fjirtichtal leden, hwerfen de manljue allegearre lid fen it Selskip wêze moatte, sadat ús pong aerdich stipe wird.’ | |
1910Yn ferbân mei it oprjuchte sjongkoar, de boekerij ensfh. moat it karbrief fan de krite Snits feroare wurde. Dat bart yn de gearkomste fan 13 oktober 1910. Dan moat ek in nij bestjoer beneamd wurde. Under oan it ferslach fan de gearkomste tekenet de skriuwer oan: ‘Fordieling fan de bistjûrsfunksjes: Holtrop: foarsitter, Huitema: skathâlder, Spoelstra: skriuwer, yn hwet folgoarder hja ek oftrede scille.’ Yn de bestjoersgearkomste fan 28 jannewaris 1911 lykwols, mient Holtrop dat de skriuwer de folchoarder fan ôftreden op eigen manneboet opmakke hat en dat soks better ‘officieel’ barre kin. Dus lotsje de trije mannen en de list fan ôfgean wurdt: 1. Spoelstra, 2. Huitema en 3. Holtrop. Nei't yn de ledegearkomste fan 19 oktober 1911, ûnder foarsitterskip fan Holtrop, yn it bysûnder ferwolkomme wurdt ‘de hear P. Sipma, dy't wy hjir foar it earst yn ús midden sjen mochten’, seit de foarsitter dat er jit wat op syn gewisse hat, wat himsels oangiet: ‘Hy hie it foarsitterskip yn de tiid oannomd om't oars gjin ien wier hjir yn 'e stêd, mar nou ús krite sa yn oantal woeksen is, tocht it him det it nou better wier to bitankjen. Boppedat moasten de bistjûrders wol ris by enoar komme om it ien of oar to bipraeten en den wier it tige lestich, as hja net yn ien plak wennen. Hy miende, det hwet hy op it each hie ta stân komt wier, sadet er nau tige makkelik der út koe. Hy hie foaral wirke foar de boekerij, foroaring karbrief en it sjongkoar, en det wier der komt.’ P. Sipma wurdt yn dyselde gearkomste troch 15 fan de 16 leden ta | |
[pagina 10]
| |
foarsitter keazen. Skriuwer Spoelstra hopet, neffens syn tankwurd oan Holtrop, dat dizze in goed lid fan de krite bliuwe mei. Fan fierdere selskipsaktiviteiten fan Holtrop wit it oantekenboek fan de krite lykwols neat mear te fertellen en yn de ledelist per 1 novimber 1916 is efter de namme fan T.E. Holtrop, Drylts skreaun: ‘bitanke 1/1/18.’ Werom nei syn bydragen yn ‘Sljucht en Rjucht’. Benammen yn de jiergong 1910 fynt men syn namme gauris. Foar in part binne it stikjes dy't al yn de ‘Nieuwe Sneeker Courant’ fan 1906 e.f. stien hawwe, mar wy komme ek nije tsjin. It falt lykwols op, dat dy it net helje kinne by dy fan trije, fjouwer jier earder. De breaskriuwerssykte sil dêr mandélich oan west hawwe. In inkeld gedichtsje, lykas Widzesankje en It douke, kypt boppe de midsmjitte út. Holtrop syn bêste wurk út dizze earste jierren fan syn breaskriuwerstiid stiet yn ‘Forjit my net!’ It is de skets Twa Sisters (1909), dy't yn sfear en styl by De wylde boerinne amper benefter bliuwt en It wûnder fan it doarp (1910). Dat lêste ferhaal is grif fiif jier earder al ûntstien, want op de kritegearkomste fan 21 desimber 1905 lies Holtrop, neffens it oantekenboek, nei it skoft ‘it stikje “de Steur”, hwer yn útbield wird, ho fen in mig in olifant makke wird.’ | |
1911‘Sljucht en Rjucht’ (1911) smyt, behalven ‘in âld teltsje nijmakke’ net folle mear op as wat Lytse stikjes fen Gerben Goasses, wêrûnder it Heine-eftige Dou wierst my it ljeaflike blomke en in pear net ûnaardige dinkjes ‘For de bern’. | |
1912Yn ‘Sljucht en Rjucht’ (1912) rint Marsang (twa kear ôfprinte, op de siden 261 en 427) der út. ‘Dizze sang, op 'e wize fen de “Wâldsang”, is tawijd oan it Snitser Sjongkoar “De Marsang” en wirdt troch de Snitsers by 't silen op 'e mar faek ophelle,’ fernijt side 261 ús. | |
1913‘Sljucht en Rjucht’ (1913) leveret fan ús skriuwer net folle dat no it omtinken noch wurdich is. | |
[pagina 11]
| |
1914Yn Ut in âld boekje (Slj. en Rj. 1914), In âld stikje út 'e | |
1915bôlekoer (L.C. 1914) en It boaskjen foar hûndert jier (Slj. en Rj. 1915) jout Holtrop neifertellings fan ‘De boereschrieuwer oer it nys fin de dey’ (1821), in fragmint fan ‘It libben fen Aagtje Ysbrants’ (1779) en ‘Het Jonge Lieuws Boosk’ (18302), wat er yn de ‘Nieuwe Sneeker Courant’ fan 1907 ek al dien hie mei de ‘Friesche Boere-Practica of Prognosticatie’ (1640). De wrede reus (1914) is in moai foarbyld fan syn moralistysk skriuwen ‘for de bern’. Undertusken hat Holtrop in nije publikaasjemooglikheid fûn yn de ‘Leeuwarder Courant’: twa stikken Mei Fryske wirden (it earste yn it Hollânsk, it oare yn it Frysk) en it niisneamde fragmint út Aagtje Ysbrants. | |
1916As neifolger fan de ‘romrofte’ J.J.L. ten Kate yn syn ‘Braga’-tiid, komt Holtrop yn ‘Sljucht en Rjucht’ (1916) mei Ek in sonnet (de Jongfryske sonnettestream sil dêr net frjemd oan west hawwe), en foar de ‘Leeuwarder Courant’ skriuwt er it ferhaal Freark Fiskerman, dêr't in motyf yn foarkomt dat er yn De divel (Nw. Sn. C. fan 20 maart 1909) ek al ris behannele hie. | |
1917Yn de jiergongen 1917 en 1918 fan ‘Sljucht en | |
1918Rjucht’ out er de pinne amper wille, en yn de ‘Leeuwarder Courant’ fan dy jierren alhiel net. | |
1919De soan dy't werom kaem (Slj. en Rj. 1919), in rymleas gedicht, lit wer efkes sjen dat Holtrop wier wol wat yn 'e marse hat, wylst er yn ditselde jier him kenne lit as in tûk Shakespeare-oersetter: De rie fen Polonius oan syn soan en De dea fen Ophelia (Slj. en Rj. 1919) jouwe in lyts priuwke fan syn Hamlet-oersetting, dêr't er om 1911 hinne al mei begûn wie en dy't yn 1919 yn syn hiele hear en fear klear leit, mar pas yn 1925 folslein útjûn wurde sil. It jier 1919 soe wolris it jier fan in ferdjipping fan syn skriuwerskip west hawwe kinne. Holtrop wit, dat er mear kin as sljochtweihinne en sil | |
[pagina 12]
| |
mei it fers De dichter (Slj. en Rj. 1919) net yn 't lêste plak himsels bedoeld hawwe: ‘Al triuwt it ûnk him ek omleech,
Al driicht de dea, hy sjongt syn liet:
Syn siel hat wjukken nei omheech.’
| |
1920Yn de ‘Leeuwarder Courant’ fan 1920 en 1921 | |
1921publisearret Holtrop sân stikken dêr't benammen Op acht fiem wetter (1920), It wûnder fen Frjentsjer (1920), dat in bewurking is fan in apokrife skiednis út de ‘Chronyk van Friesland’ fan Ocka Scharlensis, Formoarde (1921) en In dochter fen Radboud (1921) syn geve ferteltrant dúdlikernôch fan oantoane. In pear stikjes ‘nei it ingelsk’ en ‘nei it amerikaensk’ en in berneteltsje is alles wat er yn 1921/1922 yn ‘Sljucht en Rjucht’ printsje lit. It nije wykblêd ‘It Heitelân’ kin Holtrop net as syn fêste meiwurker neame, al ferskynt der yn de tredde jiergong fan 1921, ûnder it pseudonym Tedo Waltinga fan him in poerbêst ferhaal, dêr't it midsieuske Elckerlyc-motyf yn trochskimeret: De man en de dea. De redaksje fan ‘It Heitelân’ hie in novelle-priisfraach útskreaun. De earste priis jout de jury, besteande út R.W. Canne, P. Sipma en J. Winkelman, oan Reinder Brolsma. Holtrop kriget de twadde en T. Boonstra de tredde priis. De publykspriis is foar A.C. Klijnsma, dy't 115 fan de 325 stimmen kriget. Brolsma stiet by de lêzers op it twadde plak mei 70 stimmen, Boonstra folget mei 30 en Holtrop moat it dwaan mei 20. | |
1922Holtrop jout yn ‘It Heitelân’ (1922) in wiidweidich antwurd op in fraach fan S.L. (‘Dat sil Sjirk Linses van der Burg west ha,’ ornearret dr. Y. Poortinga yn it ‘Folkskundich Jierboek’ II, 1969), wa't dy frjemde dûmny fan Burgum west hawwe mei, dy't op in sneintemoarn nei de preek fan de stoel sei: ‘Honderd | |
[pagina 13]
| |
boeren in de kerk:/ Dertiende half stuiver in de budel./ 't Is beter te Veenwouden op de merk,/ Dan te Bergum in de kerk.’ It wie neffens Holtrop Dominy Salmasius en hy wit hiel wat sterke stikken fan him te fertellen. | |
1923Yn de ‘Leeuwarder Courant’ fan 19 en 20 juny 1923 skriuwt Holtrop in pear (Hollânsktalige) artikels nei oanlieding fan de tentoanstelling fan Fryske Letterkunde dy't yn Den Haach hâlden wurde sil. Hy komt yn dat artikel û.o. op it ‘bijna geheel ontbreken van vertalingen uit het Friesch, die daar anders toch op haar plaats zouden zijn. Nu is het aantal vertalingen van een werk geen zuiver criterium voor de waarde er van en vooral niet van Friesch werk. (.....). Toch rijst de vraag bij ons op, of er wel veel Friesche novellen, vertaald, in een goed Hollandsch tijdschrift zouden opgenomen worden. Verreweg het grootste deel zou als totaal onbeteekenend in de papiermand terecht komen.’ Jan Jelles Hof réagearret op dizze artikels, yn ‘It Heitelân’ (30 juny 1923): ‘Der is sa'n bytsje Frysk fortaeld, seit de hear Holtrop. Ja. Mar Frysk, det maklik oer to setten is, is troch 'en tiid net fen 't bêste. Net fen taelkindige, en net fen 'e letterkindige kant. Just dàt Fryske wirk, dat wy allegearre it bêste neame om't it yn tael en trant it bêste it folksaerdige jowt, is sa goed as ûnfortaelber, tominsten yn 't Hollânsk. Bring de Halbertsma's mar ris yn 't Hollânsk oer! 't Kin, (àlles kin!) mar 't wirdt raer gûd.’ | |
1924Holtrop stjoert in Hollânske oersetting fan De wylde boerinne yn, as antwurd op in priisfraach yn ‘De Gids’. Soe er hjirmei syn gelyk yn it mieningsferskil mei Jan Jelles Hof bewize wollen ha? Dat is him dan folslein slagge, want hy kriget de earste priis. En it ‘Nieuwsblad van Friesland’ fan 19 septimber 1924 skriuwt: ‘Thans is voor een verzameling van de beste novellen, die sedert Juli 1923 in Europa en Amerika verschenen zijn, en die in New-York wordt uitgegeven, door het Internationaal Comité voor Nederland boven- | |
[pagina 14]
| |
genoemde novelle uitgekozen, om in die verzameling te worden opgenomen.’ ‘Sljucht en Rjucht’ jout it safolste bewiis dat Holtrop as skriuwer boppe de midsmjitte útstekt, mei it ôfprintsjen fan it twadde toaniel fan it tredde bedriuw út Shakespeare syn ‘Julius Caesar’. Yn dit lêste jier fan syn libben ferskine der fan Holtrop ek in pear stikken Ut de âlde Fryske kroniken yn ‘It Heitelân’, en yn it ‘Nieuwsblad van Friesland’ in bydrage oer Frjemde skynsels yn de loft. De ‘Leeuwarder Courant’ printet dan it ferhaal ôf Sy sizze it allegear, dêr't ‘myn âlde frjeon Gerben Goasses’ in Perzysk mearke yn fertelt, en fierders it wrang-komyske Hwet de kou opbrocht, in folksaardich motyf dat ek yn oare hoeken fan Fryslân net ûnbekend wie. Ype Poortinga alteast, hearde it yn 1937 yn de skearwinkel fan Jappy van der Werf yn Burdaard en it sette him oan ta it skriuwen fan ‘Kalma jowt in kou’. It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum hat noch in hânskrift fan Holtrop, It Dútske fanke, dat datearre is: maart 1924. It is in sentiminteel romantysk dichtstik fan in pear hûndert rigels oer Anne en Jabik, dy't earst lokkich troud binne, mar om't der gjin bern komme, fan inoar ferfrjemdzje. Hja nimme dan in Dútsk famke fan fiif jier oan. Mei Krysttiid jout it bern bloed op en stjert. In jier letter hawwe Anne en Jabik sels in berntsje yn 'e widze. Dit ferhaal hie gâns koarter en mei oare nammen foar de haadpersoanen yn 1920 al yn de ‘Leeuwarder Courant’ stien, ûnder de titel It oannomd Bern. | |
1925De lêste bydrage dy't fan Holtrop by syn libben publisearre is, fynt men yn de ‘Leeuwarder Courant’ fan 3 jannewaris 1925, yn de rubryk ‘Ingezonden stukken’. It is it fers Bea oan Aiolus. Yn 't foarjier fan 1925 ferstjert Holtrop syn suster Sjoerdsje, in âldfaam, by wa't er de lêste jierren ynwenne hat. ‘Do kroske er yet in goed healjier allinne om, wylst er him | |
[pagina 15]
| |
in heukerich bistean woun mei 't forkwânseljen fen syn bibleteekje. Elk mijde him.’ (Jan Piebenga). Op 11 novimber 1925 stjert Teatse Eeltsje Holtrop, 59 jier âld. In pear wike nei syn dea ferskynt by de útjouwer J. Kamminga te Dokkum William Shakespeare, Hamlet, Prins fen Denemarken. Fryske oersetting fen T.E. Holtrop, as nûmer 10 yn de rige útjeften fan ‘De Fryske Bibleteek’. Douwe Kalma skreau yn it koarte ‘In memoriam T.E. Holtrop’ yn ‘Frisia’ (1925): ‘Yn 1921 spriek er mei my oer dy oersetting dy't do ôf wier; hy woe him jerne útjaen, mar seach gjin wei dêrta. Do't ik syn wirk lêzen hie, koe ik maklik ûnthjitte for de útjefte it mûglike to dwaen: it wier in nocht Hamlet sa yn memme sprake to lêzen. De Fryske Bibleteek koft de oersetting oan, en krekt dizze moanne scoe er yn 't ljocht komme, uterlik sa goed forsoarge as de oersetter sels grif net dreamd hie. Ik trune him oan fierder op dy wei to gean, en forline Maitiid krige ik it hânskrift fen de “Julius Caesar”. In nije oanwinst for de Fryske Bibleteek, dy't ek dit hânskrift oankoft hat. Mei in pear jier hoopje wy ek dit út to jaen; it scil in nije weardige bydrage ta ús Fryske kultuer foarmje. (......). Syn oersettings scille wearde hâlde salang Frysk bistiet, en Fryslân is ek oan it oantinken fen dizze âld-master tank en frjeonskip skildich.’ | |
1927Yn ‘Frisia’ 1927 en 1928 komt Kalma syn ûnthjit oangeande Julius Caesar nei. Yn njoggen ôfleveringen publisearret hy dizze twadde Shakespeare-oersetting fan Holtrop. | |
1928Yn 1928 komt dit wurk ek yn boekfoarm út, as nûmer XII fan ‘De Fryske Bibleteek’ by Brandenburgh en Co te Snits: William Shakespeare's Julius Caesar yn Fryske oersetting fen T.E. Holtrop. | |
1931Dr. G.A. Wumkes jout as nûmer XIV yn de ‘Fryske Librije’ by A.J. Osinga te Boalsert út De wylde boerinne. | |
[pagina 16]
| |
1932Yn ‘Sljucht en Rjucht’ ferskynt yn seis stikken it ferhaal Fen hege kom-ôf. | |
1933‘Sljucht en Rjucht’ publisearret Fedo Haron, in ferhaal út it midden fan 'e fyfte ieu. | |
1945Yn de ‘Frisia-rige’ fan de ‘Fryske Bibleteek’ komt as nûmer XXXVI út Ynbannich forwar. Ut it forsprate wirk fen T.E. Holtrop, mei in ynlieding fan Jan Piebenga.
Noch ien ding moatte wy neame: Holtrop skreau ek in 328 siden tellende Hollânsktalige roman: Voor de vrijheid, Roman uit de geschiedenis van Friesland uit het begin der 16e eeuw. Dy waard útjûn by Hepkema yn 't Hearrenfean, mar it jier fan ferskinen wurdt yn it boek net neamd. Yn it ‘Nieuwsblad van Friesland’ (1930/1931) en yn it ‘Leeuwarder Nieuwsblad’ (1934/1935) is dit ferhaal as feuilleton brûkt. | |
WurdearringDe wylde boerinne is sûnder mis Holtrop syn masterwurk, alhoewol't dat yn it earstoan net fan alleman ferstien waard. O.H. Sytstra, de samler fan ‘Forjit my net!’, skynt miend te hawwen, dat dizze novelle in neifolging wie fan de Flaamske skriuwer Stijn Streuvels. Dat kin men alteast opmeitsje út it brief fan Holtrop oan Sytstra fan 10 augustus 1914, dêr't Holtrop û.o. skriuwt: ‘Hwet Stijn Streuvels oangiet ik hie noch neat fen him lêzen, do ik myn stik skreau. Boppedat birêst myn forhael op in wier gefal.’ (Dit brief, dat op it FLMD bewarre wurdt, stiet efter yn dizze útjefte folslein ôfprinte.). Dr. G.A. Wumkes skreau in wike nei it ferstjerren fan Holtrop yn ‘It Heitelân’ (1925, side 583): ‘Al hie er gjin oar novellistysk wirk skreaun as Twa Sisters en De wylde boerinne, den hearde er mei dy twa stikken al ta ús earste novellisten.’ It wie dan ek Wumkes, dy't yn 1931 yn de rige ‘De Fryske Librije’ in aparte útjefte joech fan De wylde boerinne. | |
[pagina 17]
| |
It ‘Nieuwsblad van Friesland’ (15-1-1932) toande yn syn besprek fan dat wurkje wol gâns wurdearring foar ‘de milieutekening fen it doarpslibben’ en ‘de karakterútbylding fen de beide haedpersoanen.’ Mar ‘hwet dit neare forhael assadanich oangiet, dêr bilibbet de lêzer net folle nocht fen. De tsjoedste minskelike ûndeugden haet, wrok, swartgalligens, skraepsucht, ja neam mar op, komme op 't aljemint en fiere yn dizze skets de boppetoan. It forhael is net realistysk, noch romantysk, mar yn alle opsichten ûnwêzenlik.’ E.B. Folkertsma wie folle positiver yn syn oardiel: ‘In nije útjefte fen Holtrop's Wylde Boerinne, dat is it krekt dêr't wy great forlet fen hiene,’ skreau er yn ‘De Stim fen Fryslân’ fan 29 jannewaris 1932. ‘Dizze lytse, mar wichtige novelle wier suver forgetten, ek by de Jongfriezen, lykwols is hja noch like urgent as by hjar earst útkommen. Net, det der net genôch op oan to merken is: op 'e styl, de composysje, de plastyske útbylding, mar mei't al is it in sterke illustraesje fen hwet der oan it Fryske proaza miskeart. Dat is trochstrings sa myld en njuet en jowt mar in oerflakkich byld fen it libben fen it Fryske folk. It spilet de wyk yn de idylle, de romantyk, de moralisaesje, de ideälisaesje, de forkristliking, en doar de fûle réaliteit fen it Fryske boerebistean net oan. Somlike skriuwers miene sels, det de Fryske boer net fûl libbet. Holtrop kin hjarren en ús allegearre leare, ho ynfretten en hertstochtlik, nou ris forhoalen yn ynbannichheit, den wêr iepen en bleat útbrekkend dêr op it Fryske lân libbe, ljeave, hate en lit wirdt. Hy jowt oan in eigen foarbyld ús stof en oanwizing ta in greate concepsje fen it Fryske folkslibben. Mei de bihânneling en útbylding breklik wêze, hjar concepsje binne syn figuren: frou Broersma en Lammers symboalen fen de Fryske boer en boerinne, lyk as it sterke, swiere natûrbistean hjar erflik wêzene hat.’ Douwe Kalma neamde yn ‘De Fryske skriftekenisse fen 1897-1925’ (diel I, 1928 en diel II, 1931) Holtrop allinnich as Shakespeare-oersetter, mar stimde letter dochs ta dat De wylde boerinne ‘in goede, réalistyske útbylding fen Frysk | |
[pagina 18]
| |
boerelibben jowt.’ (‘Haedsaken Fryske Skriftekennisse’, 1948). Jan Piebenga (‘Koarte skiednis fan de Fryske Skriftekennisse’, 1939, 19572 priizge it grutte ferteltalint fan Holtrop en neamde as foarbylden De wylde boerinne, Twa susters en De man en de dea. Fan it earste skreau er: ‘De novelle hat in feardige gong en is yn foarse, kantige, sterkbyldzjende tael skreaun; natuerbiskriuwing en sielkundige tekening binne masterlik tsjin elkoar ôfwoegen. As yn granyt binne hjir in pear figueren útbeitele, ûnforjitlik foar elk dy't dit proaza yn him opnommen hat.’ Gjin wûnder dêrom dat Piebenga yn de ‘Frisia-ige’ in lytse karlêzing út it fersprate wurk fan Holtrop útjoech. Dy ferskynde yn 1945 ûnder de titel Ynbannich forwar. Gâns wurdearring hie ek E. Howard Harris, dy't yn ‘The literature of Friesland’ (1956) De wylde boerinne in ‘masterly long-short story’ neamde, ‘because rural life is described against the background of landscape in fine style, and the psychology involving a clash between two obstinate characters is typical of the independent spirit of many people in the province.’ Opfallend is it dat Holtrop, nei ferhâlding, sa'n bytsje oarspronklik wurk jûn hat. Syn eigen ynspiraasjeboarne hat grif net grut west. De oantrún om te skriuwen lykwols, dreau him dan ta it neifertellen fan oarmans wurk, en folksoerleveringen. Fanwegen syn grutte macht oer de taal, en mooglik ek fanwegen de hâlding fan de Jong-Friezen foar de wrâldliteratuer oer, is hy der sadwaande ta kommen om stikken fan Shakespeare yn it Frysk oer te setten, en nimmen, dy't him dat kwea ôfnommen hat. Holtrop wie net de earste Shakespeare-oersetter: Ds. Rinse Posthumus wie yn 1829 al úteinset, folge fan Gerben Colmjon (1872) en Douwe Kalma (1915). Oer alle boegen geunstich wie de krityk dy't Holtrop op syn beide oersettings Hamlet (1925) en Julius Caesar (1928) krige hat. ‘Yn forliking mei Posthumus syn werjefte, technysk en poëtysk, gâns in foarútgong,’ ornearret dr. K. | |
[pagina 19]
| |
Dykstra (‘Oersettingen yn it Frysk’, 1962). En fierder: ‘Like gunstich as Holtrop by Posthumus ôfstekt, docht er dat ek by Colmjon,’ en ‘yn alles is Holtrop tige trou, docht bliken. Poëtysk sjit er lykwols wolris hwat to koart. (....) Sa'n lof moat hy lykwols ha, dat it jin muoije moat, dat er it by twa stikken litten hat.’ | |
Ferantwurding fan dizze utjeftePiebenga neamde yn de twadde printinge (1957) fan syn ‘Koarte Skiednis’ de needsaak fan in rommere karlêzing as dy't hy yn 1945 jaan koe. No, tweintich jier letter, en mear as fyftich jier nei it ferstjerren fan Holtrop, is dat der dan fan kommen. Nei't wy in pear ferhalen opnamen yn de literaire blomlêzing ‘Frysk út fiif ieuwen’ (1972), nammentlik Lyk siket lyk en De man en de dea, en yn de bondel ‘Tekst en Utliz’ twa koartere stikken Geales sliepke en Sy sizze it allegear, koenen wy konstatearje dat de ferteltechnyk fan Holtrop ek de jongere generaasje fan ús tiid skoan smakket. Leit him dat oan it réalisme of krekt oan it mearke-eftige yn dizze ferhalen, of is it faaks it prachtige, geve Frysk dat Holtrop brûkt? De humor ûntbrekt lang net altyd, hoewol't de earnst oerhearsket. (De dea is bygelyks in motyf dat wy faak en foll tsjinkomme). Yn de measte stikken komt Holtrop syn meifielen mei de ferhûddûke minske nei foaren, mar nea net stiet er kritykleas foar syn haadpersoanen oer. Wy hawwe besocht út alle perioaden fan syn libben de meast markante stikken te sykjen. Fansels, sa'n kar kin net objektyf wêze; dochs miene wy net, dat wy mei dizze bondel Holtrop ûnrjocht dogge. Wa't de muoite nimt om syn hiele oeuvre troch te lêzen (sjoch de bibliografy efter yn dizze útjefte), dy sil grif fan betinken wêze, dat ek dizze bondel noch te beheind útfallen is. Dat binne wy dan folslein mei him iens, like goed as wannear't er sizze soe, dat in mooglik ‘samle wurk’ wat te folle eare wêze soe. Wannear't der fan in ferhaal dat wy foar dizze bondel | |
[pagina 20]
| |
útkeazen, mear as ien lêzing bestiet, dan hawwe wy altyd de lêste foar kar nommen, mar it syn plak yn de rige jûn, neffens de earste opset. Holtrop wie alderearst proazaskriuwer. En dochs jouwe wy ek in blomlêzinkje út syn poëzij, by wize fan tajefte om sa mar te sizzen, en tagelyk om it byld fan de skriuwer folsleiner te meitsjen. Us kar út de Shakespeare-oersettings is Holtrop sines: de fragminten fan Hamlet dy't er sels útsocht hat foar publikaasje yn ‘Sljucht en Rjucht’ fan 1919, en it twadde toaniel fan it tredde bedriuw út Julius Caesar dat er fiif jier letter ôfprintsje liet yn itselde wykblêd. Om't dizze blomlêzing ek bedoeld is foar it ûnderwiis, binne alle teksten omstavere yn de ‘Steatestavering 1980’. De noaten by in pear ferhalen binne fan Holtrop sels.
Dokkum J. Knol |
|